Janna van der Meer is dichter fan de moanne july 2025 by RIXT. Har earste moannegedicht is fier fuort.

fier fuort
troch koele skaden fan foarhinne
bange beammen keunstich snoeid
sprutend út langstme nei
smûk en wissichheid
de brede oseaan fan no
griist my mei wylde tosken oan
flybket sâlt en skroeit
op ’t blikkerjende sân
safolle leaver flanearje ik
yn dy beheinde tún
brek takken fan do witst noch wol
blêdzje mei stappen
myn fuotten in album
drek trêdzjend
rikt myn hals
net te fier