Plagiaat yn de Beat

Yn it moanneljocht: Plagiaat yn de Beat

Dit gedicht fan Christa Niklewicz, har twadde moannegedicht fan maaie 2025, is gearstald by “Fryske BeatPoezij” yn poadium Neushoorn yn Ljouwert op 16 novimber 2022. Hjirfoar haw ik út de foardrachten fan Joël Hut, Jens de Vries, Gabriëlle Terpstra, Hindirk Hannema, Alwin van der Toorn en Lubbert Jan de Vries én de presintaasje fan Arjan Hut (foardragend út de blomlêzing Eigentrieds fan Lubbert Jan de Vries) foar my bepalende sinnen opskreaun en brûkt, in bytsje wiksele en it resultaat dy jûns foardroegen. Publisearre yn Petrichor yn maaie 2023. Foardroegen op Vurige Tongen Jubileum Editie 2023 yn Ruigoord, Amsterdam.

It gedicht is yn oarsprong ûntstien troch ferbining. Eat wat moeiteleas ûntstean kin, mar wat we somtiden ek yngewikkeld meitsje kinne. Op ynhâld fynt der in nijsgjirrige dialooch plak dy’t ûnder oare fertrouwen yn him hat. Ek as it libben minder florisant is.

 

Foto Christa Niklewicz

 

Plagiaat yn de Beat

Hast gjin idee, dat
Gean fuort
Om de wrâld hjir te begripen
Dan komst betiid
En te let tagelyk
Wachtsje geduldich, of doch it net
Witst, wy ferstjerre elke nacht
Krekt as gedichten dy’t net foardroegen wurde
Mar elke krisis hat ek in siedsje
Krekt as ûngemaklike earmtakke-orgasmes
En watsto nettsjinsteande dy krisis
Foar eagen hast
Moatst feroarje
Sûnder beheining
Ék mei neils yn dyn fleis
Jimi Hendrix, Jesus, myn beppe
En freon
Dat wy hjir binne
Betsjut dat wy it makke ha

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *