Bearput is Christa Niklewicz har moannegedicht fan maaie 2025 by RIXT.
Bearput
Holle, hert en búk
Holle makket wurden
Hert jout enerzjy
Búk lit witte
Dat it net inkeld de tinzen of de passy binne
Dêr’t skippen mei thúskomme
Mar ek it kompas
En dêr it fertrouwen yn
Soms sliept ien
Soms is it lijen of
Inkeld koarte panyk
Draaft ien fan trijen troch
Tsjustere see
Unwis fiergesicht
Mei hope leauwen en leafde
Befarre sy de bearput