Op snein 2 febrewaris wie it 200 jier lyn dat in wettersneedramp in grut part fan de Súdwesthoeke fan Fryslân trof. Dêrom organisearre Stifting Sânfurd jûns in bysûnder programma yn de tsjerke fan Sânfurd. Poëzy, muzyk en sang, mei it Frysk Dichterskollektyf RIXT, foardraachster Gisela Schadenberg en fluitiste Pytsje Feenstra. Der waard ek stil stien by Gryt Witbraad, ‘dichter fan de doarpen Aldegea, Idzegea en Sânfurd’, dy’t ein 2024 ferstoar. As earbetoan oan Gryt waard by it wetter in lyts monumint mei in gedicht fan har ûntbleate.
André Looijenga wie ien fan de dichters dy’t op Sânfurd foardroech.
Hjir syn gedicht fan dy jûn.
Ferjittelgrûn
lykas in spegel, sa dof en griis as lead
as in doffe spegel leit rûnom de mar
ûnder de mar hat him it lân fergetten
oer de grûn leit it grize wiet
dit wetter is troch de diken kolke
dit wetter is oer de marswâlen spield
dit wetter is út de groppen opwâle
út djipte wei lit wetter de grûn ferjitten
rûnom it wiet, en feal de dei
de huzen, pleatsen lizze as skippen
driuwe as skippen yn de rede
lykas seelju sit men, wachtet men
stoarm net mear, mar wiete kjeld
oer jins grûnleas djippe kolken
djip is it wetter út de groppen wâle
djip út jins grûn wâlet de wanhoop op
o Heare, ha Jo ús fergetten?
skriuw yn it ferjittelboek ús net
it kâlde wiet, de doffe leaden spegel
ferjit wat efterbleau
lit yn de rede lizzen wa’t efterbleau
ûnder dit deiljocht feal as âlde himden
wachtet men de moarntiid
op Jo moarntiid wachtsje ik, och wannear?
út ús djippe kolken, út dizze grûn
wâlet it ferjitten op
ien mar waard dit lân, in doffe spegel
spiel oer ús
Jo grime net, mar sjoch op ús, Jo antlit
dit wetter is oer de groppen spield
dizze puollen ha de wâl fergetten
dizze grûn hat him yn de mar fergetten
hjir spegelet ús grûn as lead sa griis
André Looijenga 2.2.2025
Betinking wettersneed 1825
Foardroegen op Sânfurd
