klokmakker

Edwin de Groot is de dichter fan de moanne novimber 2024 by RIXT. Syn earste moannegedicht is klokmakker.

klokmakker  

soeverein glidet er tusken bim bam
it rêdwurk en slingers troch, rydt
as in teflon-kid oer wizerplaten of wie
it in frije kuer, mar de klokmakker hat it
syn hiele libben wol witten, tiid
nûget dy by him thús út, krijst in koekje
in gleske brobbels as it treft en dan stjoert
er dy fuort mei lege hannen, hy lit him
net belegerje, bepaalt de sprongen sels
mei in sjabloan fan tijen of moessons
dêr’tst it kommen en gean fan witst of
as wat wie, wat is en bliuwt, ek nei
it fergean; in doarp allang sonken
ûnfergonklik ferbûn mei de grûn
as it grêf fan in bern, soks is woartele
stjert nea en tiktakket banneleas

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *