stoarmkoadegiel is in fers fan Bauke Terpstra.

stoarmkoadegiel
nettsjinsteande oan grûnwetterpeil tasleine ankers
lizze reklamedoektikselweinen ûntwoartele
lamliddich njonken hûndertkilometer-de-oere-dyk
telider sleine slogans ûnlêsber wurden yn kowedritse
bekomme fan skodzjen yn loft-fleach en wetterdize
hastiger as algoritmen drage kinne
gean autobannen achteleas fierder
oer tarredyk mei eltse wyn meidraaiende
netwurken fan hillige ferrieders
ynfrastruktuerbrûkers
ûnderweis foar ynsammeljende goeddwaande tsjerkehoeren
registers opmeitsje en ynsjen
dat stadichoan longerjende haadklassen yn griis ûnthâld
spûk wurde

