Jou dy op foar de workshoprige foardrachtskeunst

Wolst tips en trúks om sa foar te dragen dat it publyk dy de wurden wol út ’e mûle helje wol? It geheim ûntdekke achter it goed brûken fan stiltes yn dyn foardracht? Dyn hiele hâlding ynsette om dyn tekst hearre te litten? Meld dy dan oan foar de workshoprige fan fiif jûnen oer foardrachtskeunst foar profesjonele skriuwers en dichters. Yn 2021 dienen 5 profesjonele skriuwers en dichters út Fryslân mei oan de workshoprige. De twadde rige begjint op woansdei 31 augustus en wurdt oanbean troch Ljouwert UNESCO City of Literature, Tryater en Explore the North.

Yn dizze workshoprige ûndersikest op boartlike wize de mooglikheden om in tekst oer te bringen. Silst mei akteur en teaterdosint Karel Hermans oan ’e gong mei dyn eigen teksten, poëzy of proaza, yn hokker taal ast mar wolst. Yn fjouwer gearkomsten fynst út wêr’t dyn kwaliteiten lizze en wêr’tst oan wurkje kinst. It giet benammen om wille en ferbyldingskrêft. We wurkje mei dy oan hâlding, it brûken fan stim, ynterpretaasje en teatertechnyk. Dit is it ark foar in goeie foardrachtskeunstner. Nei fiif gearkomsten jouwe we op 14 oktober mei ús allen in performance foar publyk op festival Explore the North.

Sjoch foar mear ynformaasje en opjefte by Ljouwert UNESCO City of Literature

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *