De bakker is Tsjisse Hettema syn earste moannegedicht foar RIXT fan Maart 2021.

de bakker de bakker dy’t op syn koekedaai omstammeret op knibbels leit er ûnder de baktafel yn it stof fan de flier in figuer te knetsjen dan stookt in âlde psalmberiming it krusige hert heech yn him op sjocht er út it rút wei syn frou de ruten dwaan yn it finsterbank har hannen elke beweging in tongerslach troch de seismobolle binnenkant fan syn holle wjerljochtet it oer har havene hannen sjit in flak ljocht om âlde skuld teplak te ritsen syn gemoed hat gjin weet fan de sinne op al har binnenwetters út al har registers oargelt wetter de ferbazing dan wer fjoer in reade stoarm leit op ’e loer

