In fers fan Erik Betten.

Palimpsest Ik ha dit earder skreaun, wer wiske, skrast yn lagen. Ljocht dat skimket lit wat wie nochris bestean, ferfrissele mei farske halen. Se hâlde út dat wa’t ik bin net bliuwe kin, nea west hat sa’t it hjir no stiet. No’t it ljocht fersjit. Ik sil dit nochris skriuwe, letter, troch de groeden fan it no, mar hoedener miskien. Pinnen stûkje gauris, stomper mei de jierren, tearder ek it perkamint. It hânfêst swakker mei it ljocht. Wa’t my foargie op dit plak, ferjou my it earste, al te fûle wiskjen. Wa’t nei my komt, silst grif dit blêd dy like ûnbeskreaun wol winskje, inket fan it oerflak skraabje, pinne skerpje. Mei grutte halen úteinsette. Sa’t it giet. Oant it ljocht fersjit.

