Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ‘e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in nij twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt, dat de namme ‘De bui‘ krigen hat.

Hjoed hawwe dichters Anne Heegstra en Simen de Jong by it Arkje oan harren strofe wurke.
“Wy kenne inoar net, we wiene eins frjemden fan inoar. Dat wie in pree en ek in ferrassing!”

Foto: Geart Tigchelaar
Harkje hjir nei it deistige tillefoantsje mei Omrop Fryslân (om 15:41). Earst mei Simen oer de gearwurking en dan mei Anne mei de nije strofe foar it trochjougedicht.


