Hjoed wie de earste dei op de Skriuwersarke!
1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.

Hjoed hawwe dichters Janneke Spoelstra en Rein de Lange by it Arkje oan harren strofe wurke.

Harkje hjir om it trochjougedicht, dat de namme ‘De bui‘ krigen hat, te folgjen.
Earst (om 17:42-17-48 oere) mei Cornelis van der Wal om juster yn te heljen en even letter mei Janneke Spoelstra en Rein de Lange (om 17:52-17:57 oere).

Foto: Geart Tigchelaar
Omrop Fryslân bellet net allinne alle dagen, sy hawwe ek oer de ‘Rigel fan Rink’ skreaun yn it nijs.


