Earste moannegedicht fan Job Degenaar.
Sa no en dan docht Unicef tiding oer bernearbeid, dat yn ‘e measte lannen ferbean is. Oer de hiele wrâld besjoen wurdt de situaasje stadichoan wol wat better, mar noch altyd wurdt fan 11 procent fan alle bern, sa’n 260 miljoen yn totaal, it rjocht ûntnommen nei skoalle te gean. Dit bart ûnder mear yn it suden fan India en Bangladesh. Bern wurkje dêr lange dagen foar mar in pear skytsinten. Yn faak ferskuorrend minne omstannichheden foarsjogge se sa, benammen wat de produksje fan moadeklean en tekstyl oanbelanget, yn it ferlet fan de konsuminten yn Europa, Feriene Steaten, ensfh.

Famke ûnderweis nei it weeffabryk Guon bern binne noait bern dêr skine wy yn te berêsten al iuwen wurde se brûkt misbrûkt as bisten De wrâld hâldt net op as yn de iere moarn in lyts famke rint nei it fabryk om it web fan har earmoedich libben dêr't gjin ûntkommen oan is kleurryk yn te weven wylst wy oan de sinnige kant fan de ierde ferbline de rêch takeare nei skaadplakken as dy fan har
Meisje op weg naar de weeffabriek Sommige kinderen zijn nooit kind daarin schijnen we te berusten al eeuwen worden ze gebruikt misbruikt als dieren De wereld houdt niet op als in de vroege morgen een klein meisje loopt naar de fabriek om het web van haar armzalig leven waaruit ze niet ontsnappen kan kleurrijk in te weven terwijl wij aan de zonzij van de aarde verblind de rug toekeren naar schaduwplekken als die van haar

