Boekpresintaasje ‘Ienenfjirtich dingen’ fan Carsten René Nielsen

 

Op 18 oktober wurdt de Fryske oersetting fan Carsten René Nielsen syn nijste proazagedichtebondel Ienenfjirtich dingen (Utjouwerij Hispel) presintearre yn kafee De Gouden Leeuw yn Ljouwert.
Nielsen is in bekende yn Fryslân, mei’t er yn 2018 yn it Kulturele Haadstêdjier Ljouwert oandie en yn 2021 mei de boekpresintaasje fan de blomlêzing Oar hûs / Et andet hus (Utjouwerij Hispel) hat er mei oare Deenske dichters yn Ljouwert en Harns optreden. Syn fans hawwe der efkes op wachtsje moatten, mar no leit dêr de bondel Ienenfjirtich dingen, oersetten troch Geart Tigchelaar.
Op 18 oktober is de boekpresintaasje. Dêrby sil Tigchelaar de Fryske oersetting foarlêze. Fierders sil syn Nederlânsk/Fryske kollega-proazadichter Nyk de Vries de muzyk fersoargje, jout oersetster Lammie Post-Oostenbrink in skôging fan Deenske literatuer yn oersetting en drage de Fryske dichters Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Cornelis van der Wal harren Aarhusiaanske gedicht út de bondel Oar hûs / Et andet hus foar. De jûn begjint om 20:00 oere en de tagong is fergees.
Carsten René Nielsen briek yn 1989 yn Denemarken troch by it grutte publyk mei de bondel Cirkler. Hy stiet sûnt dy tiid as dé Deenske proazadichter bekend en hat yn ’e rin fan ’e tiid syn oeuvre gâns útwreide. Ienenfjirtich dingen is njonken it Frysk oersetten yn it Ingelsk en Italiaansk.

It ritme fan RIXT – 50 selektearre gedichten fan it Frysk dichterskollektyf RIXT

It ritme fan RIXT – 50 selektearre gedichten fan it Frysk dichterskollektyf RIXT

Yn 2023 bestiet it Frysk dichterskollektyf RIXT fiif jier. Yn maaie 2018 kaam in groep dichters byinoar en waard de namme fan de ferneamde Fryske dichteresse Rixt (1887-1979) keazen foar it kollektyf dat de poëzy yn Fryslân oars op de kaart sette woe. Op dit stuit nimme mear as fyftich dichters diel oan RIXT. De measte fan harren skriuwe yn it Frysk, mar der sitte ek Nederlânsktalige dichters by it kollektyf en guon dy’t yn Fryske streek- of stedstalen publisearje.

By gelegenheid fan it earste lustrum komt RIXT, yn gearwurking mei útjouwerij Louise, mei in jubileumbondel. It is in seleksje út fiif jier poëzy by RIXT. De measte gedichten yn de bondel binne publisearre op de RIXT-webside of skreaun foar projekten organisearre troch RIXT. Fyftich dichters hawwe fersen foar de bondel oanlevere. In eksterne redaksje (Bert Looper, Henk Dillerop en Nika Stefan) hat de fersen foar de bondel selektearre. Fan alle dielnimmende dichters is ien fers opnaam. De bondel jout in grut ferskaat oan tema’s en foarmen. It is in kaleidoskopysk byld fan fiif jier poëzy yn Fryslân, mei in bysûndere klam op aktualiteit en maatskiplike tema’s.

De bondel ferskynt op 1 oktober 2023 en de presintaasje is ûnderdiel fan in middei en jûn mei sa’n 30 dichters, muzyk en dûns. Lokaasje is Theater De Bres yn Ljouwert, tiid fan 13.30 oere oant 22.00 oere. Op trije sneinen dêrnei (8, 15 en 22 oktober) sil it boek ek presintearre wurde op in rige dichtersmiddeis, dêr’t dichters yn wikseljende groepkes optrede sille, mei oandacht ek foar muzyk en byldzjende keunst. Lokaasjes Grou, Ouwe-Syl en Nijelamer.

—————————————
It ritme fan RIXT
140 siden
Hurde omslach mei heal linnen rêch
€22,50
Utjouwerij Louise

Mear ynformaasje as in resinsje-eksimplaar:
Utjouwerij Louise / Eddy van der Noord 06-54983002
Frysk Dichterskollektyf RIXT / Syds Wiersma 06-38018355

Ferslach Literêr Sirkwy mei kursisten

Woansdeitejûn 26 april organisearre dichterskollektyf RIXT in Literêr Sirkwy mei foardrachten fan dichters dy’t ôfrûne winter in kursus ‘poëzy skriuwe’ folgen. De kursus wie in gearwurking tusken Tresoar en RIXT en waard holden yn Kafee De Gouden Leeuw by Tresoar. Ferskate dichters dy’t by RIXT oansletten binne, joegen de kursus. Der wiene alve dielnimmers. Sân fan harren droegen ôfrûne woansdei wurk foar: Sigrid Kingma, Tanja van Abbema, Ypie Bakker, Anne Heegstra, Christa Niklewicz, Grytine Twijnstra en Marije de Lange. De iennichste man dy’t de kursus folge, koe der spitigernôch net by wêze. Nei it skoft wie der in iepen poadium. Fiif dichters droegen dêr foar. De jûn waard ôfsluten mei wurk fan de ferneamde Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés (1924-1993). Ignasi Ripoll en Syds Wiersma makken de ôfrûne moannen Fryske oersettings fan in tal gedichten fan dizze dichter út Valencia. Sân dêrfan bondelen se yn in boekje, sadat it publyk meilêze koe.

Tryntsje van der Veer en Meindert Reitsma tusken it publyk
Tanja van Abbema
Tryntsje van der Veer by it iepen poadium
Sigrid Kingma

 

Simon Oosting by it iepen poadium
Syds Wiersma presintearret de jûn
Syds Wiersma lêst Vicent Andrés Estellés yn Fryske oersetting
Marije de Lange
Ignasi Ripoll yntrodusearret de poëzij fan de Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés

 

Ignasi Ripoll lêst gedichten fan de Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés
Grytine Twijnstra
Grytine Twijnstra en Christa Niklewicz
Godelieve Kok tusken it publyk
Froukje Reitsema tusken it publyk
Christa Niklewicz
André Looijenga
André Looijenga by it iepen poadium
Albert Schaafsma by it iepen poadium

 

 

 

It literêr sirkwy – dielnimmers kursus Poëzy skriuwe

Woansdeitejûn 26 april organisearret Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear by Tresoar, yn kafee De Gouden Leeuw. Dielnimmers oan de kursus ‘Poëzy skriuwe’, ôfrûne winter organisearre troch Tresoar en RIXT, bringe harren wurk nei foarren.  Nei it skoft is der in iepen poadium. Dêr sil ûnder oaren poëzy fan de Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés yn Fryske oersetting en yn it Katalaansk foardroegen wurde.

Wolkom!

Datum: 26 april
Tiid: 20.00-22.00 oere
Plak: Kafee De Gouden Leeuw, Tresoar, Ljouwert (Bûterhoeke 1, 8911 DH)

Tagong: fergees

Dichters: Sigrid Kingma, Carla van der Zwaag, Janna van der Meer, Tanja van Abbema, Ypie Haitsma, Anne Heegstra, Christa Niklewicz, Marije de Lange, Syds Wiersma, Ignasi Ripoll

Audio-opnames Operaesje Fers online

Tresoar en it Frysk Film & Audio Argyf sette in grut part fan de audio-opnames fan Operaesje Fers wer online. It opnij beskikber stellen fan dizze ferneamde dichterskolleksje wurdt op de lanlike Gedichtedei (tongersdei 26 jannewaris) feestlik fierd yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. Meindert Bylsma, ien fan de trije dichters dy’t yn 1968 it inisjatyf namen ta Operaesje Fers, sil ynterviewd wurde en guon gedichten út dy tiid foardrage. Willem Abma is der ek en sil ynterviewd wurde. Fan him sitte der mear as hûndert gedichten yn de kolleksje fan Operaesje FersFierders treedt in jonge garde dichters op, oansletten by de dichterskollektiven RIXT en Dichter Bij Leeuwarden. Ilse Vos, Marije de Lange en Preston Losack drage gedichten foar dy’t passe by de sfear dy’t de oprjochters fan Operaesje Fers foar eagen hiene: poëzy op fernijende wize ûnder de minsken bringe.

Sjoch foar mear ynformaasje by Tresoar

Streekdichter Geart Tigchelaar presintearret bondel Oer de streek

Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, presintearret op 26 jannewaris 2023 yn it stedshûs fan Dokkum syn nijste bondel Oer de streek (útjûn troch Hispel). Dat docht er foarôfgeand oan de oerdracht fan it stokje oan de nije Streekdichter.

Tigchelaar hat twa jier lang Streekdichter west en hat dêrby net allinnich in soad poëzy oer de streek skreaun, mar ek in grut tal projekten op priemmen setten. De gedichten dy’t er yn opdracht skreaun hat, wurde begelaat troch in koarte ûntsteansskiednis. Fierders stiet de bondel fol mei frij wurk, guon projekten en foto’s dy’t er makke hat op syn fytstochten troch de streek. Koart sein in bûnte bondel fan twa jier Streekdichterskip.

Foto: Ydwine Scarse

Geart Tigchelaar (1987) wie yn ’e jierren 2021 en 2022 Streekdichter fan Noardeast-Fryslân en hat it dêrby as syn taak sjoen om de poëzy ûnder de minsken te bringen. Dat hat er dien mei ferskate projekten, lykas Merkgedicht. Dêrmei stie er alle lêste woansdeis mei in gedicht op de merk yn Dokkum.

Plak: Stedshûs Dokkum, De Syl 2, 9101 ML Dokkum
Datum en tiid: Tongersdei 26 jannewaris om 16:30 oere.
De bondel is te krijen foar € 15,-.