Reaksje RIXT op 17-11-18
28-10-2018: Lêzing ‘De ûntdekking fan de leechte yn de Fryske literatuer en keunst’
Bert Looper, direkteur fan Tresoar fersoarget de lêzing: ‘De ûntdekking fan de leechte yn de Fryske literatuer en keunst’
Lokaasje: Doarpstsjerke Beetstersweach, Hoofdstraat 15.
De lêzing is ûnderdiel fan de útstalling ‘Skjin laai – Tabula rasa’.
Foar mear ynformaasje: info@tresoar.nl.
Yntree: € 5,00 Kaarten oan de kassa.
LC oer Tabula Rasa / Skjin Laai
RIXT-dichters skriuwe op Skjin Laai

Justermiddei waard yn Beetstersweach de útstalling ‘Skjin Laai/Tabula Rasa, leechte yn wurd en byld’ iepene. De útstalling is in projekt fan Tresoar en Galerie Schoots en Van Duyse út Antwerpen yn it ramt fan LF2018, Lân fan Taal. Yn it âlde gritenijhûs fan Opsterlân ferbyldzje en ferwurdzje keunstners en dichters de skeppende leechte.
Op útnûging fan Tresoar waard oan RIXT frege om mei te wurkjen oan it projekt. Santjin RIXT-dichters ha gehoar jûn oan de oprop om in gedicht by it tema Tabula Rasa te leverjen. Byldzjende keunst en dichtwurk hingje yn Beetstersweach byinoar, trochinoar, fersterkje elkoar en lizze ferrassende relaasjes.

Bert Looper, direkteur fan Tresoar, liedt de útstalling sa yn:
‘Yn 1974 skreau Steven de Jong yn it tiidskrift Trotwaer it gedicht ‘Tabula Rasa’, mei de begjinrigel ‘de stilte falt yn wurden op it wyt papier’. Yn 2018 skriuwt Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân, by de útstalling Skjin Laai/Tabula Rasa in gedicht mei de slotrigel ‘sa’t altemets út it neat wei skepping syn flecht fynt’. Twa prachtige rigels dy’t it wûnder en it riedsel fan ‘skepping’ ûnder wurden bringe. De dichter of keunstner sit foar syn wite papier en ynienen falle der wurden en bylden. Wêr komme dy wie? Ut de leechte? Samar? Is it hieltyd wer begjinne mei in skjin laai? Of is it no krekt út de follens wei fan tûzenen jierren lang opsteapele ideeën, teksten en bylden en besiket de skriuwer/keunstner om wer leechte en stilte te meitsjen?’

Op Skjin Laai/Tabula Rasa hinget wurk fan de keunstners Armando, Harmen Abma, Bernard Aubertin, Sies Bleeker, Bram Bogart, Marije Bouman, Jan Henderikse, Maaike Hogerhuis, Elmar Kuiper, Anke Kuypers, Jan Maaskant, Albert Oost, Zoltin Peeter, Grytsje Schaaf, Baukje Scheppink, Jan Schoonhoven, Kaneli & Smit. De gedichten binne fan Willem Abma, Pieteke de Boer, Edwin de Groot, Tsjisse Hettema, Eeltsje Hettinga, Hein Jaap Hilarides, Simen de Jong, Jan Kleefstra, Elmar Kuiper, Rein de Lange, Bartle Laverman, André Looijenga, Aggie van der Meer, Henk Nijp, Marije Roorda, Geart Tigchelaar, Jetze de Vries en Syds Wiersma.


Skjin Laai/Tabula Rasa, leechte yn wurd en byld
Fan 14 oktober o/m 16 desimber, Haadstrjitte 17, Beetstersweach.
Hjir it gedicht fan Marije Roorda, ynspirearre op wurk fan Mark Rothko.
Nei it neat
It freget mear as dizze keamer
leech te heljen, muorren te wytsjen
en lis de keale romte in swijplicht op
sadat in leechte yn my trochkringt.
Earst dan dwaal ik ôf nei
in djipper neat dêr’t dôvens
delstrykt yn in wurd en rekket
in byld bedwelme as ik nei
it swart fan Rothko stoarje,
mei huver syn donker fjild ynrin
dat sprakeleas
it ûnbestimde iepenteart.
© Marije Roorda
Nothing bound
It takes more than emptying out
this room, painting the walls white
and binding the empty room to secrecy
to bring emptiness home to me.
Only then do I stray towards
a deeper nothing where deafness
settles in a word and an image
becomes intoxicated as I stare
at the black of Rothko,
walk anxiously into a field of darkness
which speechlessly
unfolds the inscrutable.
© Oersetting: Trevor Scarse
Foto’s Geart Tigchelaar
Foto’s ‘Metamorfoaze yn ’e poëzy’
Fjouwer Fryske dichters, Geart Tigchelaar, Syds Wiersma, Janneke Spoelstra en Gerrit de Vries, hawwe op 06-10-18 foardroegen yn de Ljouwerter Meniste tsjerke. De dichters liezen wurk foar om it tema ‘transformaasje’ hinne. It motto wie:
it libben fan in oar wennet yn ús fersen
mar úteinlik sjogge wy ússels werom



Dichters út Fryslân op kulturele ekspedysje nei Kenia foar festival Explore the North
De Frysktalige dichter Sytse Jansma en de Nederlânsktalige dichter Frank Keizer binne op it stuit op it Kistrech International Poetry Festival yn Kisii, Kenia. Hja drage dêr foar út eigen wurk, jouwe wurkwinkels en sille op ûndersyk út foar it meitsjen fan nij wurk. De resultaten fan dy poëtyske ekspedysje presintearje sy takom jier, ûnder de sande edysje fan Explore the North (2019).
It Kistrech International Poetry Festival yn Kenia is op dit momint ien fan ’e grutste en populêrste literêre eveneminten yn Afrika. It festival bringt lokale en ynternasjonale dichters byinoar en lit de pleatslike befolking aktyf kennismeitsje mei poëzy en oare talen en kultueren (en oarsom). Dit jier nimme dichters en keunstners út ûnder oaren Finlân, Yndia, Israël, Kanada en fansels Kenia sels diel oan it festival. Sytse Jansma en Frank Keizer, twa dichters mei Fryske roots, binne op útnûging fan Explore the North út namme fan Nederlân yn Kisii oanwêzich.
Sytse Jansma ûndersiket yn syn poëzy ûnder oaren it stjoerende karakter fan taal. Yn Kenia set er dy line troch en ferdjippet er him yn it ynterdissiplinêre karakter fan de Keniaanske skriuwkeunst. Hokker ynfloed hawwe film en muzyk op poëzy? En hoe ferskilt de Fryske en Nederlânske kultuer dêryn fan ’e Keniaanske kultuer? Jansma ûndersiket yn syn lêste dichtbondel as nomaden yn tinten teplak / als nomaden in tenten terecht (2015) de grins tusken poëzy en it libben sels. Njonken in persoanike, artistike syktocht bringt er yn Kenia ek besites oan skoallen om learlingen te ynspirearjen mei ûnder oaren wurkwinkels kreatyf skriuwen. Bekend terrein foar Sytse, want as edukaasjemeiwurker by Tryater hâldt er him alle dagen dwaande mei de kulturele ûntwikkeling fan skoaljeugd.
“Poëzy skriuwe is in wize om it stjoerende karakter fan taal bleat te lizzen. Hoe soe it Fryske lânskip beskreaun wurde kinne út ‘global perception’ wei? Hat in Fryske boeresleat ek Japanske of Keniaanske eigenskippen? Skriuwe is lykas reizgje. Stelst dysels in doel, mar ûnderweis komst wat oars tsjin. Ik wol my graach mei iepen blik ferwûnderje oer wat Kenia by biede kin.” – Sytse Jansma
Frank Keizer freget him ûnder de reis ôf wat it betsjut om, yn de wurden fan de Keniaanske skriuwer Ngũgĩ wa Thiong’o, it ‘sintrum te ferpleatsen’ – yn geografyske, politike en kulturele sin. Hy giet op syk nei hybride foarmen fan skriuwen: op de grins fan poëzy, filosofy en proaza. Hy siket nei foarmen dy’t wat sizze oer de yntimiteit tusken geografysk fier útinoar lizzende plakken.
Earder dit jier gienen fia Explore the North de Fryske dichters Geart Tigchelaar en Sigrid Kingma nei it StAnza Poetry Festival yn Skotlân foar in poëtyske gearwurking. Mei twa Skotske dichters presintearren hja de útkomsten fan dy útwiksel op it Taletúnfestival yn Ljouwert.
De reis fan Sytse Jansma en Frank Keizer nei Kenia komt mei ta stân tanksij de stipe fan it Nederlânsk Letterefûns.
Metamorfoaze yn ’e poëzy: Fryske dichters jouwe foarm oan transformaasje
Metamorfoaze yn ’e poëzy: Fryske dichters jouwe foarm oan transformaasje
De fjouwer Fryske dichters Geart Tigchelaar, Syds Wiersma, Janneke Spoelstra en Gerrit de Vries drage op it minyfestival Lân fan Taal wurk foar om it tema ‘transformaasje’ hinne. It optreden bestiet út ien lange set dêr’t de dichters inoar naadleas yn ôfwikselje om it publyk mei te nimmen yn de feroarjende wrâld fan it ûnthâld, lichem, lânskip en geast.
Sneon 6 oktober yn de Ljouwerter Meniste tsjerke om 16:30 oere

