In nije Gjalp is út gien!
LJOUWERT – Op it Lettertreffen fan Leeuwarden City of Literature is juster de nije Gjalp lansearre. De Gjalp is in iepen oprop foar skriuwers en dichters. Ynstjoerders meitsje kâns op publikaasje én op in presintaasje op ferskate festivals, sa as it Dudeljo festival op Lauwerseach en Meet me at the Lighthouse op Skiermûntseach.
Dit jier draait de Gjalp it om ynstjoerings mei it tema It Waad. Makkers kinne in gedicht ynstjoere, of in idee foar in festivalproduksje. Foar de Gjalp ‘poëzy’ is de oprop om in fers of rige fersen te skriuwen yn it tema. It gedicht (of de rige gedichten) kin selektearre wurde foar performance op literêre festivals yn it Waadgebiet. Foar de Gjalp ‘produksje’ wurde skriuwers socht mei ideeën foar in literêre festivalproduksje. De foarm is folslein frij. Fan in optreden mei taal, en fan muzyk oant animaasje-eksperimint: alles kin, salang’t it Frysk (of in streektaal) en it literêre, de muzikaliteit en it tëatrale yn elkoar gripe.
Ferskillende sjuery’s beoardielje de ynstjoerings, foar de gedichten bart dat anonym. Foar elk selektearre gedicht of idee is der € 500,- beskikber foar in earste útwurking. De winnende gedichten fan de Gjalp poëzy wurde publisearre yn Ensafh en/of de Moanne. Foar de Gjalp produksje is der budzjet foar fierdere ûntwikkeling en begelieding yn oanrin nei in festival. Foar beide Gjalpen jildt dat der in mooglikheid is foar residinsjes yn it Waadgebiet om de performance of it idee fierder út te wurkjen.
Dielnimmers kinne harren bydrage oant uterlik 10 maaie ynstjoere nei: gjalp25@gmail.com.
De Gjalp is in gearwurking tusken demoanne.nl, ensafh.nl




