Ineke van der Heide by IepenUp Live

‘Bern genietsje litte fan gedichtsjes yn it Frysk, hoe moai is dat?’ Sa begûn dichteres Ineke van der Heide op freed 8 febrewaris 2019 op de Grutte Gedichtejûn fan Ensafh yn kafee Marktzicht te Drachten. Se droech foar út Broek mei bûsen, har twadde bondel foar bern en har earste Frysktalige bondel. No hat Ineke har oansletten by RIXT. Har dichtersprofyl stiet online en it gedicht ‘Knuffel’ út Broek mei bûsen stiet derby. Ofrûne woansdeitemiddei trede Ineke op by it Bernekolleezje fan IepenUp Live, foar in seal fol mei bern. Dieuwertje Blok wie der ek. It bernekolleezje fan IepenUP is ûnderdiel fan in rige Frijheidskolleezjes dy’t rûnom yn it lân hâlden wurde.

KNUFFEL

Lekker koese mei myn knuffels.
Mei de knyn en mei de ko,
mei de hûn en mei de do,
mei de aap en mei de bear,
mei it skiep en mei noch mear,
mei de mûs en mei de mol,
leit myn hiele bêd grôtfol.
Safolle knuffels by myn holle,
dat is fierste folle.
Ik pak myn alderleafste knuffelbear
mei de oaren koes ik in oare kear.

© Ineke van der Heide

 

Fiskôfslach Laaksum

Nei oanlieding fan de sânwinningskwestje makke Tsjisse Hettema in nije ferzje fan syn gedicht oer de fiskôfslach fan Laaksum.

Fiskôfslach Laaksum

skean sjoch ik nei
wat de fiskôfslach wie
de grutte wysheid fan it gebou
leit stikkenslein
tiid ploege muorren en libbensskaad
ienriedich deselde kant út

de mar is leechhelle
spanningleas
tikket maklik stikken
op de sânplaten

van althuis hie it helendal ferkeard sjoen
der is gjin brekbere sfear
yn de doarpen
rûkt it nei âld sear

in narrich sykheljen om hâldfêst
oan klif en kust
bewust teater
foar in kapitale blunder sân

Foto’s en filmke RIXT-dichters op it Greidhoek’ Festival te Wommels

Op 22-09-18 wiene fiif dichters fan RIXT oanwêzich op it jierlikse Greidhoek’ Festival yn Wommels, te witten Simen de Jong, Jetze de Vries, Syds Wiersma, Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar. Tsjek de foto’s!

Jetze de Vries
Geart Tigchelaar
Elmar Kuiper
Syds Wiersma
Simen de Jong

de man op ’e fyts

tak

tak

tak

tak

alle moarnen itselde

tak

tak

tak

tak

it ritme is gelyk
oan de omgong fan myn trapers
de pear meters wurde nea minder
de ôfstân yn myn holle wurdt al lytser

tak

docht syn kettingkast
it makket ús beiden net út
watfoar waar oft it is
ik moat nei skoalle

tak

en hy moat my
wat er no krekt wol
is de jacht genôch
wurdt syn fantasije
thús yn in âld sok útstoarten

tak
geane wy de bocht om
by de Tsjaardema’s
de boer seagen wy nea
mar de boerin namste mear
dy’t wy steefêst muoike neamden
yn har skelk sieten smoarge bûsdoeken
mar ek in see oan suertsjes

tak

it keale stik dêr’t de wyn
meast ferkeard stiet
hjoed is sa’n dei
sa stil dat de tak
noch grimmitiger klinkt
op it perverse ôf

tak

it hûs dêr’t Teade wenne
dy’t yn syn koarte libben
faker ferhûze wie as de roeken
nesten bouwe yn ’e beammen
op it hiem mei’t syn heit
op ’e nij beroppen waard
yn in gemeente dêr’t ik de namme
fan fergetten bin

tak

moarns is de wrâld op syn moaist
as it sintsje har nochris omdraaid
as de blêden noch slomje
fluitsje ik foar it lêst nei skoalle
om fan ’e man op de fyts ôf te wêzen

tak

tak

tak

tak
tak
tak
tak

© Geart Tigchelaar