Neare nacht is it earste moannegedicht fan Jannie Roodhof, de moannedichter fan maaie 2026 by RIXT.
Neare nacht
Mei de kop yn ‘t reid
Komt it ûngedierte
Mâltjirgjend op my oan
Se raze my yn de earen
Krûpe yn ’e hoalen
Bite my
De mûzenêsten yn it foarûnder
Boazje oan:
Ik moat wach wêze
Rotten fljogge troch de warring
Manlju komme my benei:
Ik gei it út
Wêr is it wetter dat skjinwasket,
De triennefeiende wyn?
Ik fernim har net
Yn ’e weach besykje ik beskûl te finen
Mar myn maat sliept
Skipper, wêr is de frijhaven?

