Op ’e grins

 

Simon Oosting is RIXT-moannedichter fan maart 2025.

Syn twadde moannegedicht is Op ‘e grins.  Sjoch ek de ynlieding by Oosting syn earste moannegedicht.

Foto: Simon Oosting

 

Op ’e grins

i) (oer Sina)

wat de âlde dichter sei
griis en brún it lân en
grêven lâns de diken
en oeral in oertal
fan minsken

ii) (love tesliten)

sy wie ien fan ’e hippys
fan sixty-eight
mei linten oan ’e rok en
in bân om it hier
dat frij wie as har

love no war

no

no is sy in loaie lape
op in elektryske fyts
dy’t my tabyt dat ik
har yn ’e wei rin
mei myn koffers op har paad

tesliten
love

no is

no is
in akelik smel grinsflak
tusken doe en letter

no is
no love

iii) (ûnwissigensprinsipe)

de trein gie nei Leien
en as ik
kat yn ’e doaze
sitten bleaun wie
hie ik it ferline yngien

no stap ik Schiphol út
en Sina yn

 

iv) (prosesje)

sa’t wy reizgje sa libje wy
dêr’t wy binne binne wy
de dingen
wat se ek mar binne

in plein it park
in leechrûn doarp
in pake dy’t oer Mao sjongt
en spilet op de erhu
de timpel fan ’e slang

komme yn prosesje foarby

oaren steane by de ferbeane stêd
yn rigen fan wol oardel kilometer

v) (Schrödinger’s kat)

de kat fan Schrödinger wennet by ús
hy krûpt my om ’e skonken

 

vi) (diamonds and rust)

wat ea koal wie waard diamant
wat blinkend metaal is wurdt rust

 

vii) (sublimaasje)

op ’e grins fan iis en damp is gjin wetter
en sa bestiet it no net yn ’e sublimaasje fan doe nei dan

no is in dream

 

viii) (stasjon Qinghe)

de twa folle in automaat mei
wetter kola kâlde tee
de fleskes hellet ien

it iene nei it oare

út de doaskes
de oar hat in pinne en skriuwt
op in reepke papier
foar elts fleske

in teken

ix) (by Zhangjiakou)

tusken tradysje en moderniteit
rinne de doarpen leech
en is een harder bliid
mei in sûkeladereep

 

x) (Beijing nijjier)

de slang
syn lampionnen binne as ballonnen
fongen op de tûzenen balkonnen

fan wolkekrabbers
op ’e
skyline fan ’e stêd

wy bivakkearje op ús line
dy’t sa wy witte
net stil stiet
en skoot de kant út
fan de wolkekrabbers
ûnmiskenber tichterby
komme de grêfsarken
lâns de diken fan
it grize en brune lân

no is dan is dêr
it lêste pleisterplak

fan de kat

Foto: Simon Oosting

One Reply to “Op ’e grins”

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *