
Nij Frysk literêr talint krige de romte op it ôfrûne Noordelijk Film Festival (NoFF). Dêr presintearren wy tegearre mei poadium De Moanne en literêr tydskrift Ensafh de rispinge fan de earste Gjalp. Marije de Lange, Myrte Marije Veenbaas, Hein Jaap Hilarides, Jorrit de Klerk, Ruerd Smaling, Tamara Feddema, Erik de Boer, Remco Kuiper, Sina Keuning en Anne Fie Salverda krigen in poadium mei harren foardrachten en literêre filmprojekten.
It filmfestival waard iepene troch Marije de Lange. Sy wie ien fan de winners fan de Gjalp mei it gedicht ‘Pretty up high!’. Foar in folle Fellini-seal yn stedsskouburch De Harmonie droech se har gedicht foar skreaun by fragmenten út de film ‘From Friesland with Love’ (1990) fan Anton Stoelwinder.
De oare fjouwer dichters ûnder de Gjalp-winners droegen harren gedicht foar by ferskate films op it festival. De dichters hiene fersen skreaun by filmfragminten út it Fries Film & Audio Archief (FFAA). It FFAA hat dêr koarte poëzyfilms fan makke, dy’t ek as foarfilms op it festival fertoand binne .
Kinst de fiif filmkes hjir besjen op it YouTube-kanaal fan it FFAA.
Op de sneintemiddei fan it festival wie der in aparte foarstelling fan alle Gjalp-winners meiinoar. De foarstelling wie útferkocht en joech in ferskaat oan nijsgjirrige cross-overs tusken film & poëzy.
Yn 2026 komt de Gjalp mei nije calls foar Fryske skriuwers en wurdt der in literêr programma taret foar in oar oansprekkend festival yn Fryslân. Hokker festival? Dat is noch in ferrassing.
De folgjende foto’s op it filmfestival binne makke troch Natalia Balanina.





