Sigrid Kingma is de moannedichter fan Oktober 2025 by RIXT. Har earste moannegedicht is Wynmoanne.

Alle paden efterom
wurde ier of let
paden fan ferset.
Tine Bethlehem, Oranje
Wynmoanne
Ik kwastkje dyn streken mei heechglâns
as in karate-kid
hinne en wer
hinne en wer
Moatst se net himmelje
dan litte de hieren los
seit ús heit, mar mei ferve en al
yn in amer wetter sette
Set de kreakjende knibbel heger
op it keukentrepke
krûpst my ûnder de jas
de poatsjes trilje
wobbel wobbel
klamje ik my mei ien hân
oan de reinpipe fêst
Ik skilderje dyn fruchten
net te sunich
sis ik om ‘e nocht tsjin de kwaste
der fleane michjes yn griene
stive sjerp in tableau mort
Dikke drippen rinne út
pûsters lûke paadsjes fan ferset
ik bin gjin skilder
De swart útsleine druven lizze oer it efterom
útstruid mei wylde earmtakken
ik bin gjin wynboer
dat jout allegear neat
Rispje kin takomme jier noch
as de moanne dûnsje wol en
de kwaste wer yn de amer
mei wolkewetter stiet.


One Reply to “Wynmoanne”