geandewei

Tryntsje van der Veer is dichter fan de moanne juny 2025 by RIXT Har earste moannegedicht is ‘geandewei’.

 

Foto: Esther Hoorn

 

geandewei

yn skowend perspektyf
leit it leechlân derhinne
omgurde tôgje ik de lêst
fan lang ferfleine tiden

einleas is it skier fan rein
losskuord ik út sompich fean
de skurve klean en bûgde stêf
mei dridze beklibbe

tinzen hâlde my geande
wetterlopen wize it paad
stramme skonken libje
yn it foarútsjoch fan hichten

sinne noch moanne deare
witwêrsanne myn sliepstee
ljeppend dan wer knoffeljend
ûnderweis nei wrâldsein

fierder is it as de berchrêch
en stêd fan mantels en skulpen
tichterby brocht it my
de wyn sil it lêste drûgje

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *