Op 2 febrewaris wie it 200 jier lyn dat in wettersneedramp in grut part fan de Súdwesthoeke fan Fryslân trof. Dêrom organisearre Stifting Sânfurd jûns in bysûnder programma yn de tsjerke fan Sânfurd. Poëzy, muzyk en sang, mei it Frysk Dichterskollektyf RIXT, foardraachster Gisela Schadenberg en fluitiste Pytsje Feenstra. Der waard ek stil stien by Gryt Witbraad, ‘dichter fan de doarpen Aldegea, Idzegea en Sânfurd’, dy’t ein 2024 ferstoar.
Tryntsje van der Veer wie ien fan de dichters dy’t op Sânfurd foardroech.
Hjir har gedicht fan dy jûn.

Oerfloed
út de stilte wei
kringe lûden ta my troch
sêfte lûden fan rinnend wetter
fan oerfloedich wetter
út de stoarm wei
streamt bloedlûd troch myn earen
sûzje skolperige tinzen
in floed fan tinzen
út de see wei
brûzje kolkjende weagen troch diken
it benimt my de siken
it stûket myn siken
ik ferstilje
ferstiivje
warleas
ik neatich minske kin it net keare
net de stoarm bedimje
it wetter yndamje
ik sykje it heechste
sjoch fan ôfstân
myn lichem stjoert de siken
keart de triennen
oant it lêst
it wetter waakst en waakst
oant de floed alles oerrint
lân wurdt see
see is hôf