Jan Kooistra is de earste moannedichter by RIXT dy’t in gedicht fan him ‘yn it moanneljocht’ set. Dat is in nije rubryk. De moannedichter siket in gedicht fan har/him út dat earder alris publisearre waard en ljochtet koart ta wêrom’t sy/hy dat gedicht noch wer ris ûnder de oandacht bringe wol.
Hjoed it earste gedicht yn it moanneljocht.
Jan Kooistra:
It iepeningsfers út de bondel Gershipper fûn ik om in pear redenen wol gaadlik om ris foar de fuotljochten te bringen. Yn ´t foarste plak fyn ik dat it fers moai past by dizze tiid en dat it mei it fers oktober dat der yn ´e bondel op folget in moai twalûkje foarmet. Mar der is noch in reden. Doe’t ik berne waard stie der wol in berjochtsje yn ´e Kollumer Courant mar in bertekaartsje ha ik noait hân. Yn ´e jierren njoggentich waard myn libben ferrike mei trije bern en dy ha allegear in alleraardichst bertekaartsje krigen. Ik tink dat ik doe betocht ha om ek mar ris myn eigen ‘poppekaartsje’ te skriuwen. It is wol wat ferromantisearjen fansels mar oan ´e oare kant, der skarrelen doe wier wite hinnen op it hiem en dat ús heit neist kij ek in mot mei biggen hie, ja, dêr koe ik net omhinne.
febrewaris
sa moat it begûn wêze, oan ´e loft de opgeande
moanne, kâld en betiid mar op it âld bargehok
glêdgrien fan it moas stie er lang al te skitterjen
it machtige, stoaterske dier, de sniewite hoanne
mei in goudfolle bek kraaide er him hast út ´e liken
mar ûnder de kap, dêr’t it stoffige hea broeid hie
fan de wietsjende simmer en dêr’t de hunen net kamen
misgriep in grimelige murd him oan ien fan syn piken
en yn it bûthús mei in pet dy’t glânzge fan smoargens
siet de heit ferwoest syn fyftjin bisten te melken
mar foar de kachel in barchje, de mem driuwend yn ´t
swit fan it arbeidzjen op bêd, gûlend fan wargens
ja, sa sil it west ha, al lang wer werom by it fee
de ferromme, mar altyd wat swijsume heit, de poppe al
klaaid en sliepend tsjin in boarst fan de mem dy’t gloare
fan blidens en op de tafel it brea, de tsiis en de tee
út: Gershipper, Koperative Utjowerij, Boalsert 1998