Jan Kooistra is dichter fan de moanne febrewaris by RIXT. Syn earste moannegedicht is ‘en alwer febrewaris’.

en alwer febrewaris
gjin moanne, gjin stjerren, as wie it desimber, mistkâld
en lûden fan doarmjende guozzen, yn ‘e fierte komme de
lêste seinen fan it lette doarpslibben al neier, hy siket mei
de bûslampe syn hûn dy’t weiwurden is yn it tsjuster fan
de houtwâl, mar dan ljochtsje se op, twa felgleone eagen
yn ´t donker, as wie er de wolfsgod út in fier en skimich
ferline en samar falle him de suveringsfeesten yn ´t sin
tiid fan fersoening, gjin timpel wie iepen, gjin muzyk mocht
der klinke, allinnich by nacht in besyk oan ´e deaden, hy rint
oer it brechje en heart it skolperjen fan it tsjustere streamke
wêr bliuwe de jierren, wêr binne se keard dy’t er kwytrekke is
it set him op ´t sin en dan it nijs yn ´e kranten, dy ôfgryslike
bylden, it lit him net los, dy machtige mannen, dea en ferdjer
bringe se, noait ha se genôch, hy soe se oan in rots fêstneilje
wolle en lit dy krieën mar frette mar wat kin er no eins, hy is
al krekt sa ûnsichtber as syn teken oan de noardlike himel
yn ´e buorren rint er hurder, ek de hûn wol ynienen nei hûs
de doar giet op ´t slot en hy dôvet it fjoer, komst ek, heart er
har roppen, beriede hoecht er him net, hy giet de sliepkeamer
yn, docht út wat er oan hat en krûpt stiif tsjin har oan
Klik hjir foar de foardracht troch Jan Kooistra.