Cornelis van der Wal is de dichter fan de moanne augustus 2024 by RIXT. Syn twadde moannegedicht is Heech en leech.

Heech en leech
De moanne en de stjerren binne net mear yn ‘e moade,
mar blommen, katten en leafde dogge it noch goed.
It folk sjocht net mear nei boppen, mar op de telefoan.
De fraach is: hoe lang kinne de goaden dit noch ferneare,
sille se lilke reuzen stjoere dy’t de bile sette yn it ynternet?
Wodan en Donar binne lykwols al in hiel skoft offline.
Lit my Frya wêze. Ik bin fereale op in AI foto.
Faaks kinne wy in bern meitsje
dy’t de wrâld befrijt fan AI ensafh.