Apateze

Sigrid Kingma is de moannedichter fan july 2024 by RIXT. Har twadde moannegedicht is Apateze.

Foto: Geart Tigchelaar

Apateze

As ik dyn balkon ynrjochtsje
de sitroenmelisse streakje en sis
dat se der lekker by stean
kultivearje ik dan in skroei
of gefoel foar teeskinkerij

As ik dyn tegels wip
beiketûken yn it skerpsân stek
groeie der dan woarteltsjes
oan dyn teisters ?

‘Roazen  moatst swier mishannelje’
Sis ik casual, mei de snoeiskjirre klear

Wat seiste?
‘Dat is in effektive manier
om alles wat dy leaf is
kapot te meitsjen?’

Mar hearst my?
Dit is gjin leafdesfers
ik wol allinnich mar túnkje.

Papaversied fergrieme
knipe oant it focht út de roazen dript
skuor de hiele tún leech
want in dichter is dea
de blommen moatte mei
weiwurde yn in gouden tsjerke

In dichter is dea
hy stie hjir, trijedielich
sy stie hjir yn prada

It is allegear kompost
bêdzje ik mysels del
alles komt werom
mar soms fielst it
hjir
dat punt dat de bakte paprika
ronfelet en krimpt
is der efkes gjin omrin
inkeld it besef
dat net alles weromkomt

Mar wat wit ik derfan
as begjinnend hekse
yn frjemde tunen.

One Reply to “Apateze”

  1. Mei it wol lêze, ek al is it een soarte fan oade fan in begjinnend hekse oan in tsjoender.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *