Hotpants

Sigrid Kingma is de moannedichter fan july 2024 by RIXT. Har earste moannegedicht is Hotpants.

 

Hotpants

Ik soe sizze kinne dat it lekker sit
ik moat wat sizze
kinst it samar dwaan
sûnder reden te jaan

Ik ha wolris sein dat
al myn lange broeken yn de wask sitte
is der ien dy’t dat genôch ekskús fynt?

It sit oars fansels
it is as mei nuchtere juffen
sy kinne net begripe
wêrom’t dreamers dreame
as se soks besykje
dan falle se út de rol

We binne net allegear krigers
guon fan ús fange mâlbroekmiggetinzen
yn diggelfjoer dat opspat
dêr giet in krêft fan út
en tsjoenders hawwe krekt dêrom
hotpants oan ûnder har cosplay

Nim mar fan my oan
juf snapt it net
sy is de útlizzer
fan foarsisbere puzels
in rapport is gjin resept
foar prate mei libelles

Mar ast de opperflaktespanning
fan de wjukken op it wetter
brekke kinst, hoeden de lytse draak
út de groppe helpst
dan praat se werom

Juf is fierder wol leaf hear
kin sy it helpe
dat se gjin tsjoender is
sy sil nea hotpants oan ha
ûnder har cosplay

Suse nane myn poppe dûnset
op de hakken fan Europa
fynt koarnieren op it plein
hâldt har fier fan rûzjen
alles libbet sa fûleinich
se kinne har net beroppe

My wol
35+
Hotter than my daughter
Sellulitis
Pokémontrener go!
Bist net in punker, wol?

Ja juffer, nee juffer
tankewol juffer
lokwinske mei jo oanfal
jo binne in bêste kriger

Mar salang’t wy ús raakflakken
tsjin inoar oan plakke
is der genôch papier-masjee
foar ús beiden
ha mar gjin noed
ik hâld it jûn simpel
gjin cape, gjin hoed
gewoan hotpants.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *