Jochem Rijpma lies by ‘Optrede foar de Frede’ foarige wike snein syn fers ‘it ferrie’ foar.

V.P. út M.
It ljocht, de fleur, de leafde
Wurdt begroeven.
De nacht, de nacht,
Allinnich mar nacht en macht
Bewenje de man mei de stielblauwe eagen.
De leagen strielet as tsaar aller tsaren
Yn syn dûnkere tinzen,
Makket ta slaaf
Frede, fleur en frijheid fan in folk,
Makket harren heldhaftige presidint
Ta ûnderdrukkingsfascist,
Makket in platgoaide bernesikehûs
Ta legerlokaasje
Makket bombardearre flechtlingen
Ta fake-nijs.
Mar bringt ek it fallyt
Fan de globalistyske ekonomy.
Harren sanksjes lykje moster nei it miel.
It lân hat no fleantugen en in no-fly sône nedich.
Oars falle alle deaden en heldedieden yn de sompe.
En kleurje de net-baarnde fingers fan de NATO
Hieltyd reader mei Ukraïns bloed.
Koarter troch de bocht,
Ien kûgel, ien effisjinte kûgel nei Moskou.
Miskien wurdt Baudet dan ek wekker.

