Foar de Rely Jorritsmapriisfraach 2021 binne trije ferhalen en trije gedichten bekroand. RIXT-dichters Elmar Kuiper en Sytse Jansma sitte by de winners.
Elmar Kuiper fan Jorwert wûn in priis foar sawol it ferhaal In frjemde fûgel as it gedicht Ferlosboartsje. Sytse Jansma fan Harns wûn mei it gedicht it waad. Dêrneist waarden bekroand de ferhalen Crossroads fan Gerrit Hoekstra fan Winsum en Op frijersfuotten fan Bregtje Sijtsma út Aviemore (Skotlân) en de gedichten In healsliten aureoaltsje fan Fedde Dijkstra fan Ljouwert.

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dit jier foar de 67ste kear útskreaun, binne 97 ynstjoeringen ynkommen, 34 koarte ferhalen en 63 gedichten. De sjuery bestie út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven. De prizen fan € 1000 elk wurde op sneon 2 oktober op it stedhûs te Ljouwert útrikt.

