Gedichtewedstryd Woudagemaal

Wetterskip Fryslân en it Woudagemaal skriuwe in gedichtewedstryd út omdat sy fiere dat it Woudagemaal al 100 hier soarget foar drûge fuotten yn ús moaie provinsje.

Wat falt der te winnen?

  • Foar yndividuen: It winnende gedicht wint in VIP-arranzjemint ynklusyf middeisbrochje foar 4 persoanen by it Woudagemaal mei in rûnlieding. It winnende gedicht (of in diel dêrfan) wurdt op it rút fan de yngong by de kassa setten. Dus foar alle besikers sichtber!
  • Foar skoallen: It winnende gedicht wint it ‘folle krêft foarút’-arranzjemint by it Woudagemaal foar de hiele klasse (op syn heechst. 30 learlingen). En it gedicht (of in diel dêrfan) wurdt op it rút fan it stoomlokaal by it Woudagemaal setten. Dus foar alle besikers sichtber!

Wêr moat it oan foldwaan?

Alderearst moat it gedicht yn it Frysk wêze en as twadde moat it oer ‘wetter’ gean. De romte foar it gedicht is beheind dus hâld dêr rekkening mei.

Foto: UNESCO Werelderfgoed Ir. D.F. Woudagemaal

Meidwaan?

Stjoer dyn moaiste gedicht nei: info@woudagemaal.nl foar 15 juny 2021. In sjuery sil alle gedichten besjen en de winner útkieze.

Mear ynformaasje: https://www.woudagemaal.nl/nieuws/gedichten-wedstryd-woudagemaal.htm

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *