Tsientallen Joadske bern dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân ûnderdûkt wienen, binne dizze snein yn in telefyzjeútstjoering fan Omrop Fryslân (online) byinoar brocht yn it ramt fan 75+1 jier frijheid.
Sjoch it folsleine programma fan Omrop Fryslân werom, of harkje hjirûnder nei Syds Wiersma syn gedicht, foardroegen troch de 9-jierrige Fedde út Kollumersweach.
IT BERN it bern is der net mear it bern is fuort losskuord fan mem har tút en heit syn mazzel tov it bern sliept op in leppeltsje bearenburch en glydt yn in koffer oer it wetter nei in fiere kust it giet oan in frjemde hân mei trein en bus hieltyd leger wurdt it lân der liket net safolle oan wurdt hjir wol tute of lechaim roppen? is it bern der noch? it laket, it yt, it boartet bûten it praat sels frysk mar it is syn eigen namme kwyt net ien mei witte hoe’t er hyt it bist mei de smoarge snút wachtet yn it keldersgat op stampende learzens marsjeart er dêrút it bern moat ûnder it lûk kin it bist him rûke as er fielt ik wol yn feilige earms dûke? is it bern der noch? it lân is frij wêr heart it bern no by? wurdt er helle of kin er bliuwe? as se tsjin him roppe do bist net ien fan Liuwe en Doet do hytst Cohen, do bist in joad dan docht dy namme sear mem har tút, heit syn mazzel tov ferlern is it bern der net mear it bern siket syn paad it besjocht de kaart en freget, wêr sil ik hinne? wêr’t gjin slaven binne, sizze smoarde stimmen wêr’t in gruzelemint in sprankje wurdt ast it lymje kinst en doarst der oer te rinnen it bern is der noch it bern begjint syn tocht

