Grinsgongers: ferhalen mei muzyk fan 8 o/m 19 maart

Y.f.m. it koronafirus binne alle aktiviteiten fan Boeken fan Fryslân útsteld.

Hoe floeiber kinne taal en tinken wêze? Baukje Zijlstra (Ljouwert) en Sytse Jansma (Harns) wurkje yn in meartalige werklikheid. Beide sykje de grinzen op fan harren libbens- en tinkwrâld en de rol dy’t taal dêryn spilet. Yn it programma ‘Grinsgongers’ fertelle beide skriuwers, stipe troch muzyk, hjir oer.

Sytse Jansma is skriuwer en byldzjend keunstner. Yn 2018 is er nei it International Kistrech Poetry Festival ôfreizge. Syn ûnderfiningen hat er ferwurke yn in searje ‘Kenia-Kozelek’ ferhalen. Baukje Zijlstra is skriuwer en redakteur. Yn 2019 wûn se de D.A. Tammingapriis foar it bêste proazadebút fan de fiif foarôfgeande jierren, foar har roman  De koma-korrektor. Ein 2019 hat se  Leon & Juliette, it boekewikegeskink foar 2020 fan Annejet van der Zijl, yn it Frysk oerset.

Tusken Ljouwert en Amsterdam, tusken Bogiakumu en Jakarta, tusken Charleston en Monster lizze wrâlden fan ferskil en oerienkomst. Sljochtet taal grinzen, of smyt taal just grinzen op? En wat docht it mei dyn wêzen asto in grinsgonger bist yn dyn eigen libben?

Mei de Boekewike reizgje beide skriuwers mei it programma’ Grinsgongers’ troch de provinsje.

8  maart, 15.00 oere by Het Brouwdok yn Harns

13 maart, 20.00 oere by OBE yn Ljouwert

19 maart, 20.00 oere by dBieb yn Burgum

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *