Y.f.m. it koronafirus binne alle aktiviteiten fan Boeken fan Fryslân útsteld.
In patatsje mei… ja mei poëzy!
It trio Anne Feddema, Martin Reints en Edwin de Groot hawwe heal maart fjouwer optredens as “Poëdidos: Poëzy en (Ban)didos)”, dat úteinsette sil by it literêr snacken by de snackbar yn Beetstersweach.
De jûnen binne foar freonen en troch freonen mei foardrachten en muzyk, mar mei de optredens wurdt de nijste, twatalige bondel fan Anne Feddema presintearre: Lippebiter van L./Lippenbijter van L. Dat is in folume mei in seleksje fan Anne Feddema’s eardere wurk en folslein nij wurk.
Anne Feddema hat ek by Op & Ut al in lytse sneak-preview jûn foar de oankommende optredens fan de Poëdidos.
Optredens Poëdidos
- 12 maart, 20:00 oere, Snackbar de Jong yn Beetstersweach – literêr snacke
- 14 maart, 15:00 oere, Boekhannel Van der Velde yn Ljouwert
- 14 maart, 20:30 oere, PERDU yn Amsterdam
- 15 maart, 14:30 oere, Café de Bak (dbieb) yn LjouwertBy elk optreden is der ek boekeferkeap fan Boeken fan Fryslân.


