Tsead Bruinja (1974), earder fan Rinsumageast en no wenjend yn Amsterdam, is de nije Dichter des Vaderlands. Hy sil de kommende twa jier gedichten skriuwe by aktuele saken en hy sil optrede as ambassadeur foar de poëzy. Dat stiet op de webside fan Dichter des Vaderlands.
Earetitel
Bruinja fynt it in earetitel. “It betsjut datst sjoen wurdst, dat se troch hawwe datst as dichter net inkeld foar eigen parochy prekest, mar ek mear foar de poëzy yn it algemien dwaande bist.”
Doel is dat er seis gedichten yn it jier skriuwt dy’t yn de krante NRC publisearre wurde. “Mar der is hiel folle romte. As der wat bart, dêr’t ik oer skriuwe wol, dan stjoer ik in mail nei de redakteur en dan kinne we it deroer hawwe.”
Frysk
It Frysk spilet al jierren in belangrike rol yn syn wurk. “It Frysk hat my in folle bettere dichter makke. It Frysk hat altyd belangryk west en dat sil ek sa bliuwe. Hjir yn Amsterdam ha ik jûnen foar Fryske dichters organisearre en yn 2004 in blomlêzing mei wurk fan Fryske dichters makke dêr’t we ek mei toerd ha. Mar ik wol eins wat dwaan mei de hiele diversiteit fan talen yn Nederlân, ek it Drintsk en Papiamintsk, in blomlêzing bygelyks. ”
Bruinja folget Ester Naomi Perquin op as Dichter des Vaderlands. Hy hat krekt twa jier ‘Dongeradichter’ fan de gemeente Dongeradiel west.
Lês fierder by Omrop Fryslân

