Op 30-06-2018 hawwe de dichters Aggie van der Meer, Pieteke de Boer, Jetze de Vries en Syds Wiersma besikers fan it strjitfestival BOLStjurrich mei it heamiel yn Boalsert poëtysk ûnderholden. Hja hawwe foardroegen by de Broeretsjerke en yn it romrofte Boekhús, dêr’t ea de Koperative Utjouwerij begûn is.


