It doel hilliget de middels

12 juny 2018
Troch Syds Wiersma útsprutsen op de ynsprekjûn oer Nij Hiddum-Hou op 11 juny 2018 op it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Mei út namme fan de dichters: Evita Bakker, Anne Feddema, Edwin de Groot, Tsjisse Hettema, Hein Jaap Hilarides, Yva Hokwerda, Bennie Huisman, Simen de Jong, Jan Kleefstra, André Looijenga, Henk Nijp, Friduwih Riemersma, Marije Roorda, Geart Tigchelaar, Kate Schlingemann, Jetze de Vries en Cornelis van der Wal.

Achte Steateleden,

IT DOEL HILLIGET DE MIDDELS

Of yn oarspronklik Latyn: Exitus acta probat. Yn goed Frysk: De útkomst rjochtfeardiget de dieden.

Yn it ekstreme doeltinken dêr’t in grut part fan dizze wrâld yn finzen sit, wurdt dizze siswize graach út de kast helle om minsken derfan te oertsjûgjen dat it doel foarop stiet en de middels dêrta offers freegje dy’t se drage moatte.

Oer it achterlizzende doel binne wy it hjir iens. Om it ûnheil te kearen moat der in enerzjytransysje komme. Trochpakke is it biedwurd. Mar krekt op sa’n krusiaal omslachpunt leit it gefaar op ‘e loer. Want yn de measte gefallen hilliget it doel de middels hielendal net. Seker net as der oare middels mooglik binne. It freget politike moed om op sa’n punt te sizzen, ho ho, hoe kinne wy dit dwaan op in wize dy’t goed foar Fryslân is, in breed draachflak hat en de krêften bondelet.

Ien ding is dúdlik: Dit wynplan makket minsken stikken, spjaltet mienskippen en helpt in âld en karakteristyk Frysk kultuerlânskip nei gichem. Dêr’t wy yn Fryslân ien fan de moaiste hoarizontale lânskipskomposysjes fan de wrâld hawwe, wolle wy njoggen fertikale read fjoer spattende reuzesyklopen fan 210 meter heech pleatse mei in slachkrêft dêr’t sels Don Quichotte kâld en mismoedich fan wurde soe. En wat berikke wy dermei? In lyts groepke minsken wurdt der ryk fan en in grutte groep hiel ûngelokkich.

Eltsenien wit dat dit doel op oare wizen berikt wurde kin. Wy ha de see, wy ha yndústryterreinen en wy ha doarpen dêr’t in mûne de mienskip net spjaltet mar krekt sterker makket. Wêr’t alternativen binne, hilliget it doel noait middels dy’t ús tsjininoar útspylje, minsken siik en wanhopich meitsje, en ús lânskip ferkrêfte. In polityk dy’t dan dochs foar sa’n middel kiest, bringt pine en frustraasje en sil noch generaasjes lang trochetterje. Dêrom, út namme fan in grutte groep Fryske dichters rop ik jim op om partijpolitike belangen oan ‘e kant te setten en te dwaan wêr’t jim hjir foar sitte: wize besluten nimme dy’t Fryslân fierder helpe, it goede behâlde en minsken byinoar bringe ynstee fan ferdiele.

As dichters ha wy mar ien middel. It wurd. It Fryske wurd is prachtich. It kin ús de skientme en wearde fan ús lân sjen litte. Ien fan ús grutste dichters, Obe Postma, kaam fan Koarnwert. De Ljurk fan it Fryske lân waard er neamd. De ljurk binne wy kwyt. En wêrom? Fanwege datselde ekstreme doeltinken en it kiezen fan middels dêr’t fan sein waard dat se goed wienen om it doel te berikken: produksje, produksje, produksje. Mar de ljurk is fuort, stiet symboal foar de kealslach.

Yn tiden fan wankend ûnrjocht helpe moaie wurden net. Dan moat de taal skerp as in mes wêze. De needgjalp Nij Hiddum-Hou Nee, dy’t Geert Mak inkele dagen lyn op YouTube pleatst hat is dat.

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *