Tony Feitsmapriis 2025 foar jongerein

Der is in nije literatuerpriis foar de jongerein: de Tony Feitsmapriis. It giet om in priis foar poëzij en proaza (ferhalen en essees). De priis is in mienskiplik inisjatyf fan it Feitsma Fûns, de Federaasje fan Fryske Studinteferienings en literêr tiidskrift Ensafh. De priisfraach stiet iepen foar jongerein en jongfolwoeksenen oant en mei 29 jier. De bedoeling fan de priis is benammen om it kreatyf skriuwen yn it Frysk te befoarderjen.

De Tony Feitsmapriis 2025 sil útrikt wurde op it Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings yn Frentsjer op 29 desimber. It tema is dit jier lânskip. Der binne foar de winners trije prizen, dy’t besteane út in in oarkonde en in bedrach fan € 100. Ynstjoere kin oant en mei 1 desimber 2025. Om it kreative skriuwen op ‘e gleed te helpen wurdt der foar aspirant-dielnimmers op 12 novimber om 19.00 oere in workshop oanbean troch Hein Jaap Hilarides yn sosiëteit Bernlef, Tuinstraat 22, Grins. Foar de priiswinners is der de mooglikheid om har bydrage te publisearjen yn Ensafh en dêr begelieding by te krijen.

Ynstjoeringen en opjefte foar de workshop kinne har beslach krije fia it mailadres: tonyfeitsmapriis@federaasje.frl, mei de bydrage ûnder pseudonym en fermelding fan namme, pseudonym, adres, âldens en mini-cv yn in begeliedende mail.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *