Transpoesie 2025
Ek dit jier wurdt wer in Transpoesie festival organisearre yn Brussel (en foar it earst ek yn Antwerpen); dit jier op 18 en 19 septimber. Dichters kinne har melde om ôffeardige te wurden foar it Frysk. It tema dit jier is “Turbulinte tiden, der komt stoarm”.
Kinsto yn in gedicht de eangst en ek hope fan de hjoeddeistige situaasje ta utering bringe? Of de urginsje fan feroaring, mar ek de oanstriid om jin te ferstopjen en om alles wat is yn ’e kiif te lûken.
Hoe reagearret de dichter fan no op de tiid dêr’t wy yn libje?
It festival organisearret ferskate eveneminten (lêzings, debatten, publike skriuwsesjes) foar en mei dichter yn harren eigen taal.
Wat kin de dichter ferwachtsje?
- Publikaasje: Dyn gedicht(en) wurde publisearre yn it Frysk en Ingelsk yn it festivalboekje en op de reachside fan Transpoesie
- Utnûging foar it evenemint: Dielname oan it festival yn Antwerpen op 18 septimber en Brussel op 19 septimber
- Netwurkje: Meitsje kontakt mei oare dichters, oersetters, útjouwers en kultuermakkers foar mooglike gearwurkingen
- Eksposysje (fan in ekstra gedicht): Publikaasje fan in gedicht yn ’e publike romte yn Brussel, om dyn wurk sjen te litten oan in grutter publyk, en op de reachside fan Transpoesie
Wolst meidwaan? Stjoer dan foar 1 maaie in mail nei ynfo@skriuwersbun.frl mei in idee foar in gedicht en motivaasje. Yn gearwurking mei Rixt sille wy dan in dichter selektearje en stypje om dielname finansjeel mooglik te meitsjen.