Syds Wiersma is dichter fan de moanne juny. Hy hat yn april-maaie troch Ierlân reizge en dêr poëzy skreaun. By RIXT publisearret er no in pear fersen dy’t geane oer bysûndere bergen dy’t er oan de westkust fan Ierlân beklommen hat. It twadde gedicht The Reek giet oer de Croagh Patrick (764 m), in eintsje bûten Westport oan Clew Bay. The Reek is de lokale bynamme foar de Croagh Patrick, omdat de koanyske foarm fan de berch wol wat liket op hoe’t de turven faak yn it fjild faak steapele wurde om te drûgjen.

The Reek
Westport, Croagh Patrick
Sa leist de turven, yn in reak,
in grize piramide op de sompen.
Sint Patrick sodze troch it weak
doe’t hy op grutte muontseklompen
fan Ballinduffer Abbey kaam
om fjirtich nachten op de top te fêsten,
it heidensk njirrebrod te slaan
en honger, toarst mei rein en kjeld te dwêsten.
De berch omheech oer wrede stien,
de ien dy krûpt, de oar betwingt de hichte,
mar oars is elk nei ûnd’ren gien:
Clew Bay in spegelryk fan kustgesichten.
’t Kapeltsje boppe-op is ticht,
guon bidde roazehuodsjes op de treden,
de rest sjit plaatsjes fan ’t útsicht,
de hillige yn ’t tsjuster swijt oer frede.
Wat Jezus fûn yn de woastyn,
bedjippe Paddy út rikjende Ierske loften.
De wrâld, it libben is in myn
foar wa’t de tiid nimt, lange lege skoften.

