Waailân is úteinset mei de RIXT-dichters en dichters fan it eilân. Mei-inoar sille sy yn groepkes ideeën útwikselje, ynspiraasje opdwaan en poëzij kreärje.

Op de Folkshegeskoalle binne fan it Dichterskollektyf RIXT oanwêzich:
André Looijenga; Yva Hokwerda; Syds Wiersma; Carla van der Zwaag; Simen de Jong; Ilse Vos; Janna van der Meer; Simon Oosting; Dirk Geerdink; Tryntsje van der Veer
En fan it eilân binne de dichters oanwêzich:
Ina Schroders-Zeeders; Nienke Zorgdrager; Ruud Knier; Berber Sluiter; Jolanda Gooiker.

Op de jûn binne de dichters mei inoar yn de kunde kommen en hawwe hja ek út eigen wurk foardroegen. Simon Oosting en Syds Wiersma hawwe teffens elk in powerkolleezje jûn oer dichtsjen op lokaasje.

Nei de foardrachten hawwe de dichters yn oerlis harren plan lutsen om oan de slach om mei-inoar te wurkjen en jûn op te treden.


