Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ‘e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in nij twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt, dat de namme ‘De bui’ krigen hat.

Hjoed hawwe dichters Dirk Geerdink en Syds Wiersma by it Arkje oan harren strofe wurke.
‘Wy moasten it petgat op mei Foekje om
de lêste trije wurden te finen.
En we hawwe se fûn!’

Harkje hjir nei it deistige tillefoantsje mei Omrop Fryslân om it groeien fan it trochjougedicht te folgjen. Om 15:43 oere komt Syds oan it wurd, dêrnei lêst Dirk de nije strofe foar.


