Trije dichters fan RIXT op it Poetry & Storytelling Festival

Trije dichters fan RIXT op it Poetry & Storytelling Festival

Justermiddei 13 jannewaris wie de earste edysje fan it Poetry & Storytelling Festival yn De Harmonie. De organisaasje en presintaasje wie yn hannen fan Tim Dijkstra. Trije RIXT’ers hawwe dêr optreden.
Geart Tigchelaar lies in haadstik út syn nijste oersetting, Swarte swan, foar en dêrnei noch in stik as wat proazagedichten. Hy sit, sa’t er sels seit, wat yn syn proazagedichteperioade. Dêr moat er benammen mei trochgean, want it foel goed by it publyk.
Elmar Kuiper wie dêr mei de band Tigers fan Greonterp en hja joegen ek gehoar oan it tema dat it gie om nij wurk, want gjin inkelde klassiker fan harren kaam foarby. De muzyk wie in wolkome ôfwikseling tusken de gedichten en ferhalen troch. Tagelyk o sa tapaslik om’t it Elmar syn poëzy is dy’t op muzyk setten is en dy’t er op folslein eigen hertstochtlike wize it publyk yn raast.
Dirk Geerdink hie Tim maild doe’t it program al rûn wie mei de fraach wêrom’t hy net frege wie om op te treden. Tim hie dizze frijpostigens beleanne om him hielendal efteroan op it tiidskema te setten. Dirk wie mei syn altiten fleurige en net te dimmen entûsjasme in weardige ôfsluter, dat it publyk weage op syn hiphopbeats en spoken word-gedichten de wynderige Ljouwerter jûn yn.
De oare dichters en skriuwers wienen Ria Westerhuis, Marrit Jellema, Jonas Müller en Arjan Hut, dy’t de middeis ek in masterclass joech. Mar leafst seis kursisten hawwe ek harren rispinge foarlêzen de middeis.
Mei oare wurden in ferhipte ryk programma dat mooglik dit jier noch in ferfolch hawwe sil.

Elmar Kuiper. Foto Geart Tigchelaar

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *