Teraand

It wie op sa’n dizige maitiidsmoarn
dat inkeld it âljen fan in ko
de mankelike stillens ferbruts

In grize wale riisde út de sleatten omheech
dêr’t de sinne besocht troch it griis te brekken
ferskeaten de greiden fan donker nei ljocht

Troch it grienglânzgjende wrydsk mozayk
slingere steatlik de âld slachtedyk

Werom, yn tinzen fersonken ferdize
as mist op in maitiidsmoarn
myn bernetiid in hânfol ferhalen

Dreamen ferfleagen en sloegen del as
sulveren kralen op hillige grûn
teraand mei ’t lânskip.

©  Ypie Bakker