18 april 2018
By de iepening fan Frijlân, in nij ekologyske inisjatyf fan in groepke froulju yn de Swettepolder súdlik fan Ljouwert, lêst Jetze de Vries it folgjende gedicht foar.
FRIJLAN
hjoed litte wy fûgels frij
is der aventoer, in bestimming
ús herten ljochter as driuwende wolken
dreame yn beammen fan wyn
hjoed lizze wy op in ierderêch
boartsje rôljendewei, struie
siedden op dichterspaden
hjoed sette wy findels
yn de blauwe sônes fan it lok
ús pompeblêden gûnzjend
as leafdeherten
en ljocht
© Jetze de Vries