Fakman

ik hie leard om in oar te ferdôvjen mei guod
dat de geast nuet makke en mocht de doar
fan ’e separear op ’t slot dwaan

ik wie goederleausk en hie in serieus petear
mei in jonge dy’t wei fan Nirvana wie
ik liet him moai gewurde doe’t er him suf
blowde en duct tape op ’e stopkontakten die

ik hie leard om in oar yn syn wêzen te litten
lykas de frou mei de ridel yn de kont, dy’t
net op ’e moade en meager as in wynhûn
har antlit hielendal ûnder de stront smarde

ik wie in fakman en hie myn beropsgeheim,
rabbe net oer de feteraan mei Afganistan
yn ’e holle, dy’t bûten it sicht fan ’e mienskip
syn fatwa útspruts en kûgels op my ôffjurre

ik fielde my net oansprutsen doe’t in oare man
yn ’e time out keamer as in fjildkat om him hinne
seach en rôp: o Heit yn ’e himel, yn jo hannen
betrou ik myn geast

(út: Stienkeal, Bornmeer 2018)

© Elmar Kuiper