Op 8 juny 2018 lit Cornelis van der Wal dit gedicht klinke by de foarstelling Kariljon en Poëzy op it Hofplein yn Ljouwert. Hy docht dat by in nije komposysje fan Cees Hiep, spesjaal skreaun foar de beierd.
DIOTIMA IS DEA
Swart rinne jim mei sletten eagen
Oer it hege rûge paad.
Better is it faaks en sit by nacht
Swijend yn it ljocht
Dat strielt út de eagen fan jins faam,
De leave. Dat kin lykwols net mear.
Myn wyfke is no in lyk yn in kiste.
Troch it finster fan ’e toer sjoch ik de minsken
bewegen, mar ik begryp net mear wat se wolle.
DIOTIMA IS DOOD
Zwart lopen jullie met gesloten ogen
Over het hoge ruige pad.
Beter is het wellicht om bij nacht
Zwijgend in het licht te zitten
Dat straalt uit de ogen van je vrouw,
De lieve. Dat kan echter niet meer.
Mijn meisje is nu een lijk in een kist.
Door het venster van de toren zie ik de mensen
bewegen, maar ik begrijp niet meer wat ze willen.
© Cornelis van der Wal