Fiskôfslach Laaksum

2 desimber 2017
It Planetarium yn Frjentsjer waard yn 2017 keazen ta it moaiste monumintale gebou fan Fryslân. Tsjisse Hettema woe graach noch even de oandacht fêstigje op in gebouke dat gjin monumint is, mar wol in kearpunt yn de skiednis fan Fryslân markearret. De fiskôfslach by it haventsje fan Laaksum. It symbolisearret de teloargong fan de Iselmarfiskerij, dy’t sa belangryk wie foar de Súdwesthoeke.

 

FISKOFSLACH LAAKSUM

myn holle sit fol
en tipt om as in dikbúkklowntsje

skean sjoch ik nei
wat de fiskôfslach wie
de grutte wysheid fan it gebou
leit stikkenslein
tiid ploege muorren en libbensskaad
ienriedich deselde kant út

de mar is leechhelle
spanningleas
tikket maklik stikken
op de sânplaten

van althuis hie it helendal ferkeard sjoen
der is gjin brekbere sfear
oer dy kliffen
en dy doarpen
rûkt it nei âld sear

© Tsjisse Hettema