21 septimber 2017
Tsjisse Hettema wie begjin septimber werom by Ropsyl (Roptazijl). ‘Foarhinne kaam ik in soad by it Waad doe’t ik dêr tichteby wenne. By heech wetter krijst in apart soarte fan ljocht boppe it Waad. En mei de eilannen oan ‘e kime wolst dêr wer foarby. Wolst op de earste de bêste boat springe. Mar tagelyk sakkest troch dy oerweldigjende oanblik as in drinkeldeade troch dyn ûnderstel.’
ROPSYL
it is heech wetter op Ropsyl
sa
dat wy ús ferbûn fiele
mei de fiere djipten
fan de oseaan
sels de skiere iel
út de Saragossasee
komt hjir
om
oer de dyk hevele swiere wurden
werom te nimmen
ús eagen
dy’t it ljocht mar kwalik ferneare
wurde oan ‘e kime
rêdingsboeien gewaar
om drinkelingen fan it ljocht
op in eilân te hisen
© Tsjisse Hettema