Lânskip

myn hert hat de slach wûn
ik koe oars net as dyn ritme folgje
dêr’t weagen oer bloedbefjochten
ekers rinne dy’t iuwen wuolje
yn wetterlân net dat sy it sêd sochten
mar yn djipten ha sy har oerjûn

© 2016 Tryntsje van der Veer