Tamara Feddema (1976) is opgroeid yn de Fryske Wâlden, se skriuwt sûnt har achtste kreatyf. Dit docht se foaral yn it Frysk, mar ek yn it Ingelsk en Nederlânsk. De neidruk leit op Fryske poëzij, ynspiraasje op it stuit is keunst, natoer en it libben en wurk fan ûnder oaren Sybren Polet, Astrid Lampe en Sytse Jansma.
Sûnt 2024 is se kursist by de Skriuwersfakskoalle. Se hat publisearre yn De Moanne en de Ljouwerter, wie foarlêzer by Tresoar op de Folksferhalemiddei Ype Poortinga en draait de hân ek net om foar in ynterview of resinsje. Se wie ien fan de winners fan de GJALP 2025 mei har gedicht ‘Winter Yn Fryslân’. De toan fan har wurk farieart tusken romantysk, hufterich en filosofysk. Op de ôffinklist steane noch in bondel, boek en printeboek en sels in opera.
Sjoch hjir foar Tamara’s poëzyfilmke mei it gedicht ‘Winter yn Fryslân’.
Hjirûnder twa gedichten fan Tamara yn De Moanne.




